In memoriam: Piet Nauta

Op 5 september 2021 is Piet Nauta overleden. Piet was een echte HJSC’er en sterk betrokken bij onze voetbalvereniging. Onderstaande in memoriam werd voorgedragen tijdens de algemene ledenvergadering op vrijdag 10 september 2021. 

Piet Nauta groeide op as jongste soan fan Piet en Ytsje Nauta van der Gaast yn Jutryp oan it Binnenpaed nûmer 29. Sekretaris Jan Haagsma hat him yn 1961 skrean op de ledelist fan H.J.S.C. en hy fuotballe yn de B-junioren. Syn heit sei faak: Do moast earst de groppen mjuksje en dan meist nei it stikje lân efter de nije huzen yn Hommerts, wêr it H.J.S.C. fuotbalfjild lei.

H.J.S.C. wie yn juny 1966 kampioen fan de K.N.V.B. 4e klasse A en Piet krige al gau in fêst plak yn’e basis fan it flaggenskip. Snel op de earste meters, altyd hurd wurkje en as it moast ek wol in bytsje gemien. De 3e “bier”helte wie ek goed oan Piet bestege.

Fanôf 1973 waard der op it nije fjild efter it doarpshûs fuotballe. Aardich is ek dat Piet en Ittie de earste brulloft yn it nije doarpshûs Oan it Far(29 juny 1973) fierden. Syn Ittie wie ek sportyf en sy kamen oan de Riperwei 48 te wenjen. Se waard al gau waskfrou. Op de iisbaan wie Piet ek in rappe rider mei in koarte slach. Yn febrewaris 1986 hat Piet de 11-stêdentocht op redens folbrocht.

Nei lyts 20 jier as spiler hat Piet tagelyk mei sweager Rinze Dijkstra yn in wedstriid tsjin De Wâlde op 26 augustus 1985 ôfskie fan it earste alvetal nommen. Dat barde yn de sponsorshirts fan Rijwielhandel K(laas) Bijlsma, wêr’t Piet jierrenlang as elektriciën wurke hat. Ôfbouwe yn It Twadde en letter by de veteranen(35+).

Doe’t de snelhied wat ôfnaam, kamen der slimme trukjes oan te pas, sa as in stap foarút dwaan, hân omheech en dan wie it altyd bûtenspul. Wee as de eigen grinsrjochter net flagge.

De soannen: Piet Jan(1987) is in sierlike fuotballer en 020 supporter en Wietze Thijs(1990) hat sterk de Feijenoord genen meikrigen fan syn heit. Piet wie in trou taskôger fan H.J.S.C. mei in krityske blik op de nije lichting spilers, dy’t hy mei wurden skerp hâlde moast. Letter waard der wat milder en hat 3 jier as grinsrjocher by ús grien wite klup flage. Syn belutsenens wie grut: Fêste taskôger, oanwêzich op de H.J.S.C. ledengearkomsten en it jierlikse busreiske: Piet wie der altyd by. Nei it pensioen mei de oare fjildmannen(Rinze Dijkstra, Sjoerd Tigchelaar en Sjoerd Boonstra) op de moandeitemoarn earst in bakje, in putsje dwaan, wat prate oer it doarpsnijs: Piet wie skerp en hie it tige nei ‘t sin. Doe’t Piet yn juny 2019 70 jier wurden is, is hy mei syn beide soannen nei De Kuip yn Rotterdam west, wêr’t it Nederlans 11-tal tsjin Noard Ierlân fuotballe.

Wat wie hy grutsk, dat hy 11 maart 2020 pake waard (Soan Matthijs fan Piet Jan en Irene) en hy seach út nei de kommende bernsbern. It ark is dellein; syn lijen is no foarby; wat sille wy him misse by de H.J.S.C., mar wy gunne him de rêst.

PIET, FOAR DY IS DE BAL ÚTROLLE!

Foto 1: Piet Nauta (l) en Thijs Dijkstra
Foto 2: Sjoerd en Grietje Boonstra van der Zee en Piet Nauta