In Memoriam: Jelke Bethlehem
Jelke Bethlehem (23 july 1934 – 8 desimber 2025).
Moandei 8 desimber 2025 ha wy heard, dat Jelke Bethlehem yn ‘e âldens fan rom 91 jier ferstoarn is.
Jelke en Geeske Bethlehem binnen nei harren houlik yn 1956 nei Jutryp ferhuze en dernei yn De Hommerts (adres Scheltingastjitte 19) wenjen gien. Jelke wurke as ûnderhâlds timmerman foar de gemeente Wymbritseradiel en letter by touwfabriek Lankhorst yn Snits. It gesin bestie út 5 jonges en 3 famkes.
Foar H.J.S.C. wie Jelke warber yn it jeugdbestjoer, skiedsrjochter, hast 10 jier konsul en rapporteur K.N.V.B. Lâns de line in trou en kritisch taschouwer. As wâldman hie er in sterke eigen miening. Op freed 3 septimber 2004 is Jelke terjochte beneamd ta “lid fan fertsjinte v.v. H.J.S.C.” Ek dernei kaam Jelke sneons graach op ús sportfjild.
Simmers is it it kommen en gean by de steankaravan op de kamping yn Riis (Gaasterlân). Mei de frou en lâns kommende bern, bernsbern wie dit in prachtige tiid.
Tankber wiene wy by it oanbieden fan de grien wite H.J.S.C. flage en in protte beste wedstriidballen. Jelke syn motto: “It is better te jaan, dan te ûntfangen”.
In doarpsman en H.J.S.C. klupman is ús ûntfallen. Folle sterkte foar de famylje.
